Museum Belvedêre hat sponsor

Museum Belvedêre hat nije sponsor
Museum Belvedêre yn Oranjewâld hat in sponsorkontrakt tekene mei Pricewaterhouse Coopers. Foar it museum betsjut dat in wichtige stimulâns. De sponsor wol mei it jild in bydrage leverje oan de museale ûntwikkeling fan Belvedêre. Boppedat sjocht de sponsor it as in ympuls foar it kultuertoerisme yn Fryslân.
It sponsorkontrakt jout it museum de kâns op útstallings mei in ynternasjonaal karakter.