Nijpels foar Rânestêdprovinsje

Nijpels: Rânestêdprovinsje hat grutte foardielen
In nije Rânestêdprovinsje soe ek foar Fryslân foardielen hawwe. Dat seit kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels. In kommisje ûnder lieding fan âld-premier Kok bringt woansdei advys út oer de oprjochting fan in provinsje dêr't de hiele Rânestêd ûnder falt.
Ut de berjochten yn parse docht bliken dat it advys nei alle gedachten posityf wêze sil. Neffens Nijpels soe dat de Fryske ekonomy en banemerk fersterkje.