Jong Hearrenfean wint

15 jan 2007 - 21:18

Jong Hearrenfean bliuwt koprinner by de beloftes. Moandei wûnen se mei 3-1 fan jong Grins. Alle doelpunten foelen yn de earste helte.

Yn de achtste minút wie it raak foar Hearrenfean troch in doelpunt fan Bo Storm. In dikke tsien minuten letter waard it 2-0 troch Gonzalo Garcia Garcia en yn de 31ste minút makke Reza Ghoochannejhad der 3-0 fan. Yn de 42ste minút kaam Grins noch werom troch in doelpunt fan Rogier Krohne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)