Grutte kontrôle oan Heliconwei

15 jan 2007 - 17:22

De plysje hat moandei 52 bekeurings útdield by in grutte ferkearskontrôle oan de Heliconwei yn Ljouwert. De measte boetes wiene foar in losse lading, it net dragen fan de gordel en foar in stikken mistachterljocht.

De kontrôle wie organisearre troch studinten fan de plysje-akademy. It wie harren earste praktykoefening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)