Kriminaliteit ôfnaam

15 jan 2007 - 15:55

De kriminaliteit yn Fryslân is ôfnaam. Der wurdt minder stellen, mar dêr stiet foar oer dat it geweld tsjin minsken tanaam is. Dat docht bliken út de jiersifers fan de plysje oer 2006. Moandei binne dy presintearre troch de nije korpssjef, Magda Berndsen.

De sifers folgje de lanlike trend. It tal oanjeften fan húslik geweld gie omheech fan 700 nei 720. Yn it ferkear gie it tal deaden nei ûnderen, fan 46 nei 36.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)