Lizzers fan Fonejacht pleatst

15 jan 2007 - 15:11

By de Fonejachtbrêge yn de Wâldwei binne moandei de earste lizzers pleatst fan it súdlike part fan de nije brêge. De helte fan de lizzers wurdt moandei en tiisdei lein. In ponton fiert se oan, in swiere kraan leit se te plak. De lizzers fan 36 meter foarmje mei-inoar it brêgedek.

Ein maart wurdt de beweechbere klep fan de nije brêge te plak lein. De oanlis fan de brêge is ûnderdiel fan de ferdûbeling fan de Wâldwei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)