Rúzje om barkruk
In 24-jierrige Boalserter hat snein in 22-jierrige stedsgenoat mei in bierflesse yn it gesicht slein. De twa hiene rúzje oer in barkruk.
De manlju krigen ûnienichheid yn in kafee oan de Bargefinne. De fertochte is oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. It slachtoffer rekke ferwûne yn syn gesicht en moast troch de dokter behannele wurde.