Proef mei heger wetterpeil

15 jan 2007 - 12:19

De proef mei in heger wetterpeil giet troch. Der is genôch belangstelling om de proef trochgean te litten. Provinsje en Wetterskip wolle de kommende twa jier in proef hâlde mei in heger simmerpeil om dêrmei de boaiemdelgong tsjin te gean.

Ut de proef moat dúdlik wurde oft boeren gjin skea ha fan in heger wetterpeil. De provinsje benaderet mooglik sels ek noch belangstellenden dy't yn gebieten mei feangrûn buorkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)