Seehûn fynt moai plakje

In gaadlik plakje .... (foto Berend Hazenberg)
In jonge seehûn is freed op Flylân op in wol tige bysûnder plakje wekker wurden. Fuortjage en wat yn 'e war troch de swiere stoarm hie it bist syn taflecht socht ta it foetpaad boppe-op de seedyk. Heit en mem fan it fjouwer wike âlde bist swommen oan en ôf mei fisk.
Steatsboskbehear hat de jonge seehûn yntusken nei in oar plakje tabrocht.