Oanholden op fertinking drugs

15 jan 2007 - 10:17
Foto: Omrop Fryslân

Op de A32 hat de plysje snein in auto fan de dyk helle op fertinking fan besit fan harddrugs. In plysjeman herkende in ynsittende en wist dat de frou noch fyftjin dagen sitte moast.

De auto waard fan de dyk helle. De frou, út Aldskoat, waard meinaam nei it buro. Se hie trije buiskes wyt poeier by har. De bestjoerder fan de auto, in 37-jierrige man út Aldskoat, kaam ferhaal heljen op it plysjeburo en waard ek oanholden

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)