Antiklimaks maratontrijedaagse

15 jan 2007 - 08:57

Douwe de Vries fan It Hearrenfean is as fjirde einige yn it einklassemint fan de maratontrijedaachse. De oerwinning gie nei Cedric Michaud.

De ein fan de trijedaachse wie in grutte antiklimaks foar de Friezen. Foar de manche op it Hearrenfean fan ôfrûne sneon gie Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap noch oan de lieding. Mar nei in falpartij wêrby't ploechgenoat Bob de Vries en ek Douwe de Vries belutsen wienen, wie it oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)