Hylpen pakt fekânsjehuzen oan

14 jan 2007 - 15:54
Troch it toerisme wurde in soad huzen yn Hylpen fekânsjewenten

De gemeente Nijefurd pakt eigners fan huzen yn Hylpen oan dy't har hûs brûke as fekânsjehúske. Pleatslik Belang hat dêr al in skoft op oantrune.

It tal wenten dat rekreatyf brûkt wurdt, nimt alle jierren ta. Dat hat grutte sosjale en ekonomyske gefolgen foar Hylpen. Pleatslik Belang meldt no dat de earste eigner dy't syn hûs as fekânsjewente brûkt, oanpakt wurdt troch de gemeente. Nijefurd hat de eigner drige mei juridyske stappen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)