Faak berop tsjin beslút OM

14 jan 2007 - 13:36

Noarderlingen komme folle faker yn ferset tsjin it beslút fan it iepenbier ministearje (OM) om in saak net foar de rjochter te bringen as oare Nederlanners.

Yn tsjinstelling ta de rest fan it lân is it tal fan soksoarte saken by it hôf yn Ljouwert tige groeid: fan 275 yn 2005 nei hast 400 it ôfrûne jier. Foar it iepenbier ministearje betsjut it in soad ekstra wurk. Meastal krije de yntsjinners fan in klacht net gelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)