Aris ferliest fan Nijmegen

Aris-coach Roorda
Aris hat ek de tredde wedstryd nei de kryst ferlern. Nei nederlagen tsjin Amsterdam en Rotterdam waard der no thús ferlern fan Nijmegen mei 104-113. Troch dizze nederlaach steane de Ljouwerters no sande tegearre mei Swolle.
Aris begûn min en kaam nei fiif minuten mei fjirtjin punten efter. Yn it tredde kwart kaam Aris op in 68-62 foarsprong. Nijmegen pakte trettjin punten op rige en joech dat net fuort.