Nij kabinet wol jild oerhâlde

13 jan 2007 - 11:34

In nij kabinet fan CDA, PvdA en ChristenUnie set yn op in begruttingsoerskot fan op syn minst in heal prosint.

Dat docht bliken út de wurden fan ûnderhanneler Jacques Tichelaar fan Oranjewâld. Op de nijjiersresepsje fan de PvdA yn Fryslân sei er dat sawol CDA as PvdA jild oerhâlde wolle op de begrutting. Neffens Tichelaar is der 60 oant 70 prosint kâns dat dizze formaasje liede sil ta in nij kabinet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)