Cambuur ferliest fan Volendam

© Omrop Fryslân
Cambuur hat de earste wedstriid nei de winterstop mei 1-0 ferlern fan FC Volendam. Nei 18 minúten makke Rowin van Zaanen it ienniche doelpunt. Dêrnei krige Volendam de bêste kansen, mar keeper Peter van der Vlag hâldt Cambuur yn de wedstriid.
Fiif minúten foar it skoft krigen de Ljouwters in penalty, mar Koen Brack skeat de bal oer. Yn de twadde helte wie Cambuur de bettere ploech. It kaam lykwols net ta de lykmakker.