Friesland College wint prizen

© Omrop Fryslân
De oplieding 'hospitality en tourism' fan it Friesland College hat op de fakbeurs Horecava in grut tal prizen wûn. Twa leararen en trije kursisten stiene op it poadium. Learling Siep de Vries fan Wynjewâld en dosint Hans de Zwaan fan Drachten wûnen 1000 euro en De Zwaan krige ek noch de wikselbeker.
Oare priiswinners wiene Lucas Kemper fan Ljouwert, Glenn Willemsen fan Eksmoarre en Rolf de Win fan Boarnburgum.