Museum yn Appelskea nominearre

© Omrop Fryslân
It itensiedersmuseum yn Appelskea is nominearre foar in Europeeske priis. By de priis Euro-Toques wurdt sjoen nei hoe't saken meigean mei de tiid, watfoar nije ûntwikkelingen oft der brûkt wurde en hoe't it stiet mei de styl fan itensieden.
Neist it museum yn Appelskea binne noch twa saken nominearre. Wa fan de 3 de priis krijt wurdt bepaald op in beurs op 22 jannewaris yn Maastricht.