Gjin problemen troch hege see

12 jan 2007 - 06:20

De kombinaasje hurde wyn en heech wetter hat yn de nacht nei freed net foar problemen soarge by de Fryske seediken. Omdat der by Harns in wetterstân ferwachte waard fan 3,20 meter boppe NAP wie dykbewaking ynsteld.

Omdat it wetter úteinlik mar in hichte fan 3,10 meter berikte ûntstienen gjin problemen. Foar safier bekend is der ek gjin skea, der sil by deiljocht noch wol ynspektearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)