Beam falt op auto en wenboat

Oan de Westersingel yn Ljouwert is tongersdeitejûn in auto folslein fernield troch in omwaaide beam. De beam dy't op de hoeke mei de Fontijnstrjitte stie waaide troch de stoarm om.
Ek in wenboat dy't der flak efter lei rûn skea op. De eigner lei al te sliepen doe't de beam omfoel. Der rekke gjin ien ferwûne. De Westersingel hat inkele oeren ôfsletten west foar it ferkear.