Nijenstein wer troulokaasje

© Omrop Fryslân
Goed 30 jier nei it lêste houlik kin der wer troud wurde yn restaurant Nijenstein yn Bûtenpost.
It restaurant waard fan 1892 oant 1977 brûkt as gemeentehûs, mar sûnt dy tiid wie dat eins net mear mooglik. De gemeente Achtkarspelen hat no besletten de âlde lokaasje fan 1 febrewaris ôf wer yn gebrûk te nimmen. Nijenstein is dermei de tredde troulokaasje fan de gemeente, neist it gemeentehûs en it Jeltingahûs.