10% mear meldings troch stoarm

10% persint mear meldings troch stoarm foar Achmea
De stoarm fan tongersdei hat net soarge foar in soad skea. Fersekerder Achmea fan Ljouwert hat 10 persint ekstra meldings hân.
It giet dan om omwaaide beammen, fallende dakpannen en autodoarren dy't stikken giene. Neffens Achmea hat it waaralarm, dat troch it KNMI ôfjoen is, in soad ynfloed hân. Minsken bliuwe thús of binne foarsichtiger op'e dyk. It is noch net dúdlik hoe grut at it skeabedrach is.