Freed berging skip Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
It kraanskip dat yn de nacht fan woansdei op tongersdei losslein is út de haven fan Breesândyk op de Ofslútdyk wurdt freed burgen.
Om de oandacht fan de automobilist by de dyk te hâlden nimt Rykswettersteat in oantal maatregels. Sa is op it hiele trajekt fanút de rjochting Den Oever nei Koarnwertersân freed oerdei mar ien rydstrook beskikber. En der mei net hurder ride wurde as 70 km.