Ekstra dykbewaking yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat hat besletten tongersdeitenacht de seediken op de Fryske waadeilannen ekstra yn 'e gaten te hâlden. Dat bart fanwege de stoarm. It giet dan om Skiermûntseach, Amelân, Skylge en Flylân.
Wetterskip Fryslân sil tongersdeitenacht ek dykbewaking ynstelle lâns de Fryske waadkust. Yn Harns wurdt om twa oere 's nachts in wetterstân fan 3.20 meter boppe NAP ferwachte.