Surfers bliid mei hurde wyn

11 jan 2007 - 16:25

Beammen dy't omwaaie, in kraanskip dat losslacht en fearboaten dy't net farre. De súdwesterstoarm soarge tongersdei foar problemen, mar der binne ek minsken dy't bliid binne mei de hurde wyn.

Op de Iselmar by Makkum wie in groepke fanatike surfers net benaud foar in bytsje wyn. Wynkrêft 10 is krekt wat dizze jonges wolle. Troch de hurde wyn moatte se wol earder skoft hâlde, oars fersoerje de spieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)