Man beknypt ûnder glêsplaten

11 jan 2007 - 15:54

By kwekery Hartman yn Seisbierrum is in meiwurker beknipe rekke ûnder glêsplaten. De brânwacht moast de man te befrije. It giet om in bedriuwsûngefal.

Earder op de dei binne der 8 ruten útwaaid. It slachtoffer soe de boel klearsette foar freed, as der nije platen ynset wurde. De glêskist foel om, boppe op de foet fan de meiwurker. Hy is ter observaasje nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)