Leaf dwaan yn it ferkear

It ferkear moat fatsoenliker wurde. Dêrfoar is tongersdei de lanlike aksje "Maak Contact" úteinsetten. De aksje is ûnderdiel fan de jierlikse kampanje Vriendelijk Verkeer fan it fytsersbûn. Tagelyk is it ek de Europeeske dei van de hoflikheid.
Yn Snits wie de lanlike ôftraap mei ûnder oare Keamerlid Sander de Rouwe. It publyk sil fan de aksje fernimme fia stikkers op bussen, reklamespotsjes op radio en tv. It fytsersbûn giet ek nei skoallen ta.