Definsje sjit net op sânplaat

11 jan 2007 - 15:46

Definsje hâldt fjirtjin dagen op mei sjitoefeningen yn de rjochting fan de sânplaat Razende Bol yn de Waadsee. Dat is om de seehûnen te ûntsjen.

Definsje sjit as oefening al tsientallen jierren mei in swier kaliber mitrailleur fan de fêste wâl yn de rjochting fan de sânplaat. De waadferiening fynt dat Definsje dêrmei de miljeuwetjouwing oertreedt, mei troch de oanwêzichheid fan seehûnen op de sânplaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)