Stoarm raast oer Fryslân

De súdwesterstoarm hat tongersdei op in pear plakken yn Fryslân foar problemen soarge. Sa bejoegen op It Amelân twa iperen beammen it. Ien stie foar it gemeentehûs en blokkearre tydlik de yngong.
By it pompstasjon yn Donkerbroek krige de wyn in part fan it grutte prize- boerd te pakken. Dat waard opromme om foar te kommen dat it de dyk opwaaie soe. Yn ús oare berjochten mear nijs oar de gefolgen fan de stoarm.