Brêgen net mear omheech

© Omrop Fryslân
Troch de stoarm tongersdei kinne in tal brêgen yn Fryslân net mear iepen. It giet om De Sânsleatbrêge yn Terherne, de Harinxmabrêge, de Drachtsterbrêge en de Zwettebrêge yn Ljouwert en de brêgen yn Deinum, Ritsumasyl, Dronryp en Ingwierrum.
De wyn falt rjochtstreeks op de iepensteande brêgen. Boppedat fungearret de brêge yn Terherne as skutslûs om it achterlân fan Fryslân te beskermjen tsjin oerstreamings.