Frysk team Dakar-rally 69ste

© Omrop Fryslân
It team út Wolvegea dat meidocht oan de Dakar-rally is woansdei yn de fyfde etappe as 69e einige. It is de bêste prestaasje fan Marcel Schoo en Roelof Koning oant no ta. Troch dat risseltaat klimme se nei it 95e plak yn it klassemint.
It is foar it earst dat it team yn de top 100 fan it klassemint foar jeeps stiet. Op de koprinners Sainz en Perin hawwe Schoo en Koning wol in efterstân fan mear as alve oeren.