Oerfal yn Drachten

© Omrop Fryslân
In ûnbekende man hat woansdeitejûn in winkel oan de Oosterstrjitte yn Drachten oerfallen. De man kaam eefkes nei healwei tsienen de winkel yn en rûn nei de toanbank om in pakje sigaretten ôf te rekkenjen.
Hy rôp tsjin in meiwurker dat er de ynhâld fan de kassa woe. Nei't er jild krigen hie, naaide de man út. De plysje hat noch nei de man socht, mar koe him net mear fine. De plysje siket tsjûgen.