Dowe-oerlêst troch oanfleaners

11 jan 2007 - 11:06

De oerlêst fan dowen yn Snits wurdt foar in grut part feroarsake troch saneamde oanfleaners. Dat binne wedstriiddouwen dy’t it eigen hok net mear fine kinne. 80 persint fan de Snitser dowen binne oanfleaners.

Dat die bliken by it ophokken fan de dowen om se wenne te litten oan de nije tille by de feemerk. De eigners binne troch de ringen oan de dowe- poaten bekend. Se wurde oanskreaun mei it fersyk de fûgels op te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)