Protest tsjin sâlt Lauwersmarwetter

11 jan 2007 - 10:58

Tsjin it plan om fan de Lauwersmar in sâlt wettergebiet te meitsjen is in soad protest. Steatsbosbehear wol dat om de ferbosking tsjin te gean. De natuerorganisaasje wurdt dêryn stipe troch in ûnôfhinklike kommisje dy't de ferskate mooglikheden foar it gebiet ûndersocht hat.

Woansdei waard yn Dokkum in harksitting holden oer de takomst fan de Lauwersmar. Der binne meardere farianten ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)