Dakar-team stiicht yn klassemint

© Omrop Fryslân
It team út Wolvegea dat meidocht oan de Dakar-rally is woansdei yn de fiifde etappe as 69e einige. It is de bêste prestaasje fan Marcel Schoo en Roelof Koning oan't no ta. Troch dat risseltaat stiichje se nei it 95e plak yn it klassemint.
It is foar it earst dat it team yn de top 100 fan it klassemint foar jeeps stiet. Op de koprinners Sainz en Perin hawwe Schoo en Koning wol in efterstân fan mear as alve oeren.