Trein by Wolvegea yn tunnelbak

De trein troch Wolvegea moat yn de takomst oer in ferdjipt trasee ride. Dat wol de gemeente Weststellingwerf.
Troch de trein yn in tunnelbak fiif meter ûnder it meanfjild ride te litten wurdt in ferkearsfeiligens probleem oplost. No binne der yn de spits nochal ris opstoppings by de twa oergongen yn it doarp. De kosten foar it oardel kilometer lange trasee rinne yn de miljoenen euro's. Deputearre Baas stiet achter it plan.