'Trein oer de Ofslútdyk'

© Omrop Fryslân
Der moat serieus wurk makke wurde fan in treinferbining oer de Ofslútdyk. Dat fynt de Partij voor het Noorden. De partij fynt dat der in ûndersyk komme moat nei de mooglikheden fan in treinferbining tusken Ljouwert en Amsterdam oer de Ofslútdyk. It soe neffens harren in goed alternatief wêze no't de sweeftrein definityf fan de baan is.
De partij siket no stipe bij gemeenten en provinsjes foar dit plan.