Dantumadiel: skea mei Ald en Nij

© Omrop Fryslân
De jierwiksel yn Dantumadiel is wat minder rêstich ferrûn as earst tocht waard. De gemeente hat in skea fan 18.000 euro. Troch brantsjes en fjoerwurk binne diken, ferkears- en strjitnammebuorden en stekken stikkenmakke.
It duorret noch in skoft foardat alle skea hersteld is. Der moat in soad nij materiaal besteld wurde en dat is pas oer in pear wike yn 'e hûs.