Hûntsje Cookie moat dea

It hûntsje Cookie moat ôfmakke wurde. Eigneresse Gerry_Mellema moast it bist sneon ôfstean oan de plysje Grins omdat it in pitbull is. Dy hûnen mei net mear hâlden wurde.
De plysje hat de hûn ûndersykje litten troch de Algiemene Ynspeksjetsjinst. Dêr is ek út kommen dat it om in pitbull giet. In demonstraasje fan meistanners fan Mellema by it plysjeburo yn Grins rûn tiisdei folslein út de hân.