'Ferhuzing Cambuur nuvere saak'

Wethâlder Waanders fan 'e gemeente Ljouwert is fernuvere oer it plan fan Cambuur om it stadion te ferpleatsen. Foarsitter Sleijfer fan de ried fan kommissarissen fynt dat der in ûndersyk komme moat nei ferpleatsing nei in plak by it WTC Expo.
Foar it besteande Cambuurgebiet wurde op dit stuit plannen makke. It gebiet wurdt opknapt. Projektûntwikkelder Accoladegroep en de gemeente Ljouwert fiere it ûndersyk út.