Undúdlikens oer pinsjoenen Enna

10 jan 2007 - 12:05

Fersekerder Aegon nimt syn ferantwurdlikens net foar de pinsjoenen fan hûndert eks-wurknimmers fan spuitbussefabrikant Enna_Aerosols yn Dokkum. Dat fynt fakbûn CNV. Enna makke ferline jier in trochstart nei in fallissemint.

Aegon wegeret ynformaasje te jaan oer te min ôfdroegen preemjes. Aegon lit witte dat it wetlik ferbean is wurknimmers te fertellen dat de wurkjouwer de preemjes net betellet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)