Wolvegeasters 74e yn Dakarrally

© Omrop Fryslân
De Wolvegeasters dy't meidogge oan de Dakarrally binne tiisdei yn de fjirde etappe as 74e einige. Se kamen yn harren jeep nei seis en in heal oere binnen, twa en in heal oere letter as de winners.
Yn it klassemint stean Marcel_Schoo en Roelof_Koning no op it 104e plak. Se hawwe al in efterstân fan mear as tsien oeren. Woansdei giet de etappe troch it suden fan Marokko, in rit fan 775 kilometer.