Seldsume fisk oanspield Amelân

Op It_Amelân is moandeitemiddei in libbene braam fan 48 sintimeter oanspield. Bramen binne seldsume rôffisken. Se komme yn alle wrâldseeën foar. It binne trekkers, yn de simmer swimme se by de Britske eilannen del nei it noarden. Troch de streaming kinne se op de weromreis yn de Noardsee telâne komme.
As it waar goed is, fine se harren paad wer troch it Kanaal, mar by westewyn gean se de ferkearde kant op.