Ruterskertier Ljouwert ôfsletten

De folsleine werynrjochting fan it Ruterskertier yn Ljouwert kostet 1 miljoen euro. Op 15 jannewaris wurdt de dyk by de Harmonie ôfsletten foar ferkear. Der komme grutte peallen op de dyk dy't allinnich betsjinne wurde kinne troch ambulânsebestjoerders en bussjauffeurs. Auto's dy't fan de kant fan de Harnzerstrjitwei komme, moatte oer de Westersingel ride.
De fierdere werynrjochting fynt nei oerlis mei de Harmonie plak, yn april.