Parkeare mei GSM yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Gebrek oan lytsjild is ynkoarten gjin probleem mear by parkearen yn Ljouwert. Mei in nij systeem kin betelle wurde mei de mobile tillefoan. Troch in bepaald tillefoannûmer te beljen, kin in parkearkaartsje opladen wurde.
Grut foardiel is dat de parkearmeter no ek op ôfstân opladen wurde kin. Je hoege dus net mear healwei it miel yn in restaurant yn 'e stêd fan tafel om te meter by te foljen.