TBC-ûndersyk Harns wurdt grutter

© Omrop Fryslân
It TBC-ûndersyk yn Harns wurdt útwreide. De kommende wiken moatte trijehûndert minsken foar in Mantouxtest. Hûndert oaren krije in oprop foar in longfoto. De GGD komt dêrfoar mei in spesjale Röntgenbus nei Harns.
Yn novimber waard yn Harns iepen tuberkuloaze fêststeld by in 66-jierrige man. De GGD hat de omjouwing fan de man ûndersocht en dêrby ien besmetting fûn.