Arriva kriget 1100 klachten

09 jan 2007 - 17:19

Ferfierder Arriva hat tiisdei 1100 klachten krige fan reizgers dy't ûntefreden binne oer de nije tsjinstregeling. De klachten binne ôfkomstich fan in ynternetside, dy't makke is troch reizger Joris_Drenth. De site hyt www.balenvanarriva.com.

Drenth oerlange de bondele klachten persoanlik oan Arrivadirekteur Anne_Hettinga. Dy seit ta oan in oplossing te wurkjen, mar kin noch net krekt sizze wannear't it better wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)