Flechtheuvels foar seehûnen

© Omrop Fryslân
Der moatte hege flechtplakken foar seehûnen yn 'e Waadsee komme. Dat fynt it sintrum foar Waad- en Noardsee Ecomare op Tessel. De direkteur wol dat dêr ûndersyk nei dien wurdt.
Yn Pieterburen wurde op dit stuit 180 seehûnen opfongen dy't troch stoarmwaar fan 'e sânbanken ôfspield binne. Tiisdei komt noch ien by. Ferhege sânbanken soene in soad ellinde tefoaren_komme kinne, fynt Ecomaredirekteur Van_der_Broek.