SP tsjin jildferslinende plannen

09 jan 2007 - 11:53

De nijbou fan it Frysk Museum, de ferbouwing fan it Provinsjehûs en de oanlis fan de Sintrale As moatte net trochgean. Dat stiet yn it program fan de SP foar de Provinsjale Ferkiezings fan 7 maat. De plannen binne finansjeel net goed ûnderboud en sille miljoenen euro's fersline, fynt de SP.

De SP fynt dat de provinsje mear jild útjaan moat foar iepenbier ferfier en ûnderwiis. Lytse doarpen moatte harren skoalle hâlde as it heal kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)