Film oer hynstedrama

© Omrop Fryslân
Der binne plannen foar in film oer it hynstedrama yn it Noarderleech by Marrum, seit eigner Piet_Lootsma fan 'e hynders. Hy is benadere troch in produsint.
Yn novimber ferline jier rekken goed 170 hynders ynsletten op in dobbe yn it Noarderleech. Nei in pear dagen binne se mei help fan hynsterydsters fan de dobbe helle. Lootsma praat meikoarten mei de inisjatyfnimmers fan 'e film.